Nieuws

Bernard Smilde Priis foar Cees Glashouwer

Op sneon 12 april, de tsiende Krúspuntdei, waard yn Akkrum de Bernard Smilde Priis oan dû. Cees Glashouwer út Harns. Hy wûn de priis mei in bysûnder liet: in oersetting yn it Hynljippersk fan de Lofsang fan Marije, Liet 157a út it nije Lieteboek: Sjonge en bidde thús en yn tsjerke.



Glashouwer hie in nije dichterlike tekst skreaun op basis fan ’e Grykske grûntekst sa’t dy te finen is yn it Evangeelje fan Lukas.

De oersetting is part fan in projekt dat útrinne moat op ’e publikaasje fan in blomlêzing út it Lieteboek yn ’e Hynljipper taal dêr’t oan wurke wurdt troch Cees Glashouwer en Wiebe Zoethout, dy’t ek belutsen wie by it krekt útkommen Graet Hylper Wordebook.

De sjuery foar de Bernard Smilde Priis 2019 bestie út domeny en musikus David de Jong (foarsitter), domeny Adri Terlouw en dichter Syds Wiersma. Der wiene dit jier meiinoar 22 ynstjoerings.

Dit wie foar it earst dat in liet yn ien fan ’e streektalen fan Fryslân de priis krige, in feit dêr’t it bestjoer fan de Stifting Krúspunt tige mei ynnommen wie.

It winnende liet stiet yn ’e taheakke en is ek te finen op ’e webside fan ’e Stifting Krúspunt: www.kruspunt.frl. Dêr wurdt meikoarten it sjueryrapport ek op pleatst.

|Doorsturen

Buienradar



Agenda